De offisjele Kramtried side!!

Album kommende wei!

Noja, kommende wei is miskien wat oerdreaun, mar we binne drok dwaande mei it byskaven fan besteande, en it skriuwen fan nije nûmers!

Wannear't de opnames begjinne is noch net hielendal wis, mar dat hearre jim tsjin dy tiid fansels!

» Eibert - 08/01/2012 - 11:31 - Add comment

9 febrewaris, Romein Ljouwert

Op tongersdeijûn stean we op' e nij yn Romein, foar de MPDrie Gig XL

Tegearre mei Grutsk en Elnore stean we yn de grutte seal. Yntree is fergees, dus der stiet dy neat yn'e wei om der hinne!
Komt allen!
It feest begjint 20.00.


Foar eventueel mear ynformaasje sjochst even op de site fan Romein.

» Eibert - 05/01/2012 - 12:41 - 8 comments

Sosjale media

Omdat wy ek mei de tiid mei wolle, kinne jimme ús sûnt in skofke ek fine op Facebook en Twitter.

» Eibert - 01/12/2011 - 20:12 - Add comment

Fryske Top Tuzen!

No't de side it wer docht kinne we moai even melde dat we mei Se Komme Foar My op nûmer 815 stean fan Omrop Fryslân's Fryske Top 1000 stean!
We stean by de 1000 bêste Fryske lieten ea!

Tank oan allegear dy't der foar soarge hat dat we der sa heech yn stean!

» Eibert - 17/10/2011 - 19:18 - 4 comments

Hy docht it wer!

De site docht it wer, de updates komme der oan!

» Eibert - 17/10/2011 - 18:13 - 4 comments

AAIPOP!!

Peaskemoandei 25 april spylje we op Aaipop!

Aaipop is in Frysk festival, wat heve sil yn Nijlân. Sjoch foar kaarten, ynfo en it fierdere programma even op www.aaipop.nl
Sjoch jimme dêr!

» Eibert - 18/04/2011 - 19:19 - 25 comments

22 april, Radio Middelsé

Kommende freed [Goed Freed] 22 april spylje we live op Radio Middelsé, te Stiens! Publyk is wolkom yn de studio!
It programma begjin om 21.00 [Relax Radio Café] en dourret oan't 24.00. Dêrtusken sille wy sa no en dan ús repetoir hearre litte.

Foar de thúsbliuwers is it live te streamen fia:
http://www.relaxradiocafe.nl/ of www.radiomiddelse.nl

» Eibert - 18/04/2011 - 19:17 - 19 comments

8 april, BOB Oentsjerk!

8 april stean we tegearre mei Spyker en Corda yn it BOB gebou yn Oentsjerk. Yntree is mar 5 euro, dus jimme hawwe gjin reden om net te kommen. Tichtby en foardelich!

Kinst it BOB gebou fine oan de trochgeande dyk, op dy nije krúsing.
Adres: Wynzerdyk 3, Oentsjerk

» Eibert - 30/03/2011 - 20:26 - 24 comments

Foto's Literer Sirkwy

Foar de foto's fan it ôfrûne Literêr Sirkwy ferwize wy jimme graach nei ús Facebook.

» Eibert - 24/02/2011 - 21:28 - 20 comments

13 feb, Literer Sirkwy

Sneon 13 febrewaris sille we it Literêr Sirkwy muzikaal begeliede. Yn gallery 'De Garaazje' yn Stiens. Dat is dus moai tichtby om allegear even hinne!

» Eibert - 10/01/2011 - 13:16 - 20 comments